Navigaasje
Swingel Online Swingel 6,  2002
  Ferslach fan it Fuen-kongres yn Subotica
  




YEN-Peaskekongres 2002 yn Grou

Fan sneon 23 oant en mei freed 29 maart 2002 fûn it jierlikse Peaskekongres fan de Europeeske koepelorganisaasje foar jongereinferienings út minderheidstalegebieten, Youth of European Nationalities (YEN), plak yn Grou, Fryslân. It kongres is te fergelykjen mei it FUEN-kongres, dat yn 2001 plak fûn yn it Hearrefean, organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging. De organisaasje fan it YEN-Peaskekongres wie yn hannen fan jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK). In team besteande út tsien FYK-leden hie twa jier dwaande west om de 130 jongeren út 22 ferskate lytse taalgebieten út Europa goed opfange te kinnen. 
Op snein 24 maart waard it kongres offisjeel iepene troch boargemaster Ipe Dykstra fan de gemeente Boarnsterhim en de hear Dr. Rein fan it Dútske ministearje fan Ynlânske Saken, neist de provinsje, gemeente Boarnsterhim en in tal Europeeske fûnsen ien fan de wichtichste stipers fan it kongres.
It program fan de wike, mei as tema lykwicht, wie in miks tusken serieuze saken en fertier c.q. kultuerhoppe. Serieuze saken wiene ûnder oare de Central Commitee Meeting (CCM, tariedende gearkomste), de General Assembly (GA, Algemiene Ledegearkomste) en it sântal wurkwinkels. Sa as in sportwurkwinkel, wêrby't de klam benammen op it fysike lykwicht lei. Of in wurkwinkel wêrby't dielnimmers, útgeande fan in fiktyf budget, sels plannen betinke mochten om dy dêrnei, as wiere politisy, yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert ferdigenje te moatten. Yn de wurkwinkel Frysk is Fun hawwe de dielnimmers it lykwicht yn it taalbelied neier besjoen en boppedat ek noch wat Frysk leard.
Under de GA tsjinne it FYK fjouwer resolúsjes yn: ien oer it te realisearjen Fryske Hûs, ien oer it Europeeske útwikselprojekt foar basisskoallen út lytse taalgebieten Euroskoalle, ien oer de posysje fan it Frysk yn it foarsetûnderwiis en ien as lêste ien oer it Europeesk Hânfest foar Minderheidstalen yn. De resolúsjes, dy't mei hûndert prosint fan de stimmen oannaam waarden, binne yntusken opstjoerd nei ynstânsjes dy't har dwaande hâlde mei de rjochten fan minderheden yn Europa, de Provinsjale Steaten, de media yn en bûten Fryslân, ensfh. It earste súkseske is hat al west: de posysje fan it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis is yntusken foar de earstkommende trije jier troch in subsydzje fan de provinsje feilich steld, ek mei troch de ynspannings fan de Ried fan de Fryske Beweging. De FYK-resolúsjes binne ek op ús thússide te finen, www.fyk.nl.
Op de General Assembly waard ek in nije YEN-bestjoer ferkeazen. Ald-ponghâlder fan it FYK, Frank de Boer (26), is de nije ponghâlder yn it YEN-bestjoer wurden. Jan Diedrichsen (26) fan de Dútske minderheid út Denemarken is de nije foarsitter fan de YEN. Hy folge de Noardfriezinne Anne Hahn (23) op.
Fertier en kultuerhoppe fûn plak yn de foarm fan in besite oan Aolus te Seisbierrum, in besite oan it Kazemattenmuseum by de ôfslútdyk, de beklimming fan de Alde Hou en in besite oan it Frysk Museum. Earder yn 'e wike hie der al in foto-speurtocht plakfûn troch Grou, mei fragen oer Fryslân en it Frysk, dy't eindige mei in fierljep-demonstraasje by sporthal De Twine. In tal dielnimmers weage sels ek in sprong; wiete klean hat dat lykwols net oplevere. Fansels wie der jûns gelegenheid om ûnder genot fan in drankje en muzyk yn de bar fan jeugdherberch Oer it Hout nije kontakten te lizzen, plannen foar útwiksels te meitsjen, âlde freonen te moetsjen en te praten oer minderheidskwestjes. 
Sawol it organisaasjeteam as it YEN-bestjoer en de dielnimmers wiene tige te sprekken oer it ferrin fan it Peaskekongres. Wy hawwe in machtmoaie wike hân!

Elbrecht Claus
Foarsitter FYK

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl