THÚS  

Navigaasje 
[ foaropwurd ]

[ bedriuwsplan ]

[ begrutting ]

[ planning ]

[ links ]

[ diashow Frysk ]

[ in het Nederlands ]

Leeuwarder Courant]

[Omrop Fryslân]

[Nijs ůt Frysl]

[Fryslân text]

[ Kistwurk ]

[Het Weer]

[ Fryske Beweging ]

[ Dig. Reg. Fryslân ]

[ Stiens-plaza ]

[ Skrift]

[ Nijs út Fryslân ]

[ Kistwurk ]

[ Gallery Krist ]

 

 

 

 

 

Gerben Poortinga

Germ Poortinga

 

 

NIMM netservice - | jo adres en link tafoegje | Banner sette
  Webprojekt Frysk.com
_
  Frysk.com de grutte dyk tusken jo en jo doelgroep   wy bouwe jo no-nonsense webside, jo webidee   Frysk.com is in ynisjatyf fan stifting NIMM.
  Foaropwurd
  Diashow: Fryslân kultuerlân      Thússide provinsje Fryslân  SKRIFT
 
Fryslân op it web,nije kânsen foar in mienskip dy't gjin grinzen kin.

Der binne njonkenlytsen tal fan Fryske siden op it Ynternet.
Lykwols, de fiertaal op dy Fryske siden is meastentiids it Hollânsk.
De belangstelling foar Ynternet en de Nije Media is grut. It is ús earste prioriteit en soargje dat it Frysk dęryn op strukturele wize in plak taparte krijt.

De untjouwings op it Ynternet binne no yn in streamfersnelling. Wolle wy as Fryske taal- en kultuermienskip in folweardich plak krije yn dizze wrâldwide kommunikaasje, dan moatte wy de kombinaasje fan Fryske kultuer en Ynternet ek folweardich stypje. Dat hâld wier meer yn as inkeld in stille promoasjeside foar it Frysk.  Wat der oars oan jild en ynspanning bestege wurdt oan Frysk, moat no ek de dęrbij hearrende nettechnology dekke. De Fryske kultuer stiet no ek yn in nije wrâld

It giet ű.m. om it inisjaasje fan de modernste technyske helpmiddels op dynamiske wize en om de begelieding mei krekte taal- en mediakundige stipe. Mei it hjoeddeistige budget is dat net mogelik sűnder dat it oorspronklike doel kwa jild en ynspanning slim yn de ferdrukking komt. Wat der no bestege wurdt oan Frysk yn telemedia is nog gjin miggepoepke yn ferliking ta alle miljarden dy't dit jier ynvestearre wurde yn 'wire, wap en web'. Wy sille dochs wat beleidsprioriteiten ferlizze moatte.

De stifting NIMM is fan betinken, dat soks net fansels giet. It Ingelsk leit no ienris tichterby it Ynternet as it Frysk.
Mar mei in kręftige strategy kin it ek oarsom. It Ynternet kin der ek foar soargje, dat it Frysk ek om útens libben bliuwt. Mei Ynternet is it fersprieden fan Fryske kranten, tiidskriften, films, koarte kursussen Frysk ensfh. in sintenkwesje. It meitsjen fan de ynternetstruktuer, in Fryske ynternetkultuer en Fryske ynhâld, datjinge węr it feitliken om giet,  kin dan ekstra stipe krije.

De strategy bestiet der út, dat:
stipe wurdt, dat alle Fryske mar Hollânsktalige siden, saaklik of maatskiplik, ek in Fryske fersje krije;
wa at in Fryske kulturele side opsette wol mei alle needsaaklike helpmiddels űndersteund wurdt om sa fluch en sa faak at it kin dit op it net te realisearjen;
in sintrale tagong te meitsen ta alle 'Fryske ynformaasje', data, nijs, histoarje, eveneminten, minsken, websiden ensfh.stipe wurdt, dat alle Fryske mar Hollânsktalige siden, saaklik of maatskiplik, ek in Fryske fersje krije.

De stifting NIMM komt dęrom mei it útstel "Frysk.com" in wrâldwiid projekt foar stimulearing fan Fryske kultuer op it Ynternet. Dęrfoar hat NIMM de domeinnamme 'Frysk' mei de wrâldwiid ferneamde ekstinsje 'com' oankocht.

Frysk.com stelt him ta doel en funksjonearje as in 'portal', in Fryske poarte ta de wrâld. Koartsein: in sels learende trochgong fan de boarger nei krekt dy plakken węr at hij meatentiids węze moat. It is mear as in poarte dus, it leart de klant kinnen en wit yn it foar wat at de klant wol en wiist him der op wat foar him fan belang is. Wa't it Frysk as wichtich part fan syn belibbingswrâld hat, hat baat bij een poarte dy't him spesjalisearret yn en op it Frysk. (Autonomy, in helpmiddel űntwikkele op de universiteit fan Cambridge is bygelyks sa'n intelligent sikersysteem. It wurdt troch tal grutte portals brűkt.)

Frysk.com.is ek in ynstitút dat Frysksinnige websiden techniske help ferlient; dat in Fryske ynternetkultuer op it gleed  helpt mei de funktionaliteiten dy't eltse brűker dęrta nedich hat. Tagelyk is it in ynstelling dy't taal en mediahelp jout of foar maatskiplike ferbiening soarget mei oere partners.

Wa at him Frysk-kultureel op it net úterje wol moat net syn tiid fergrieme mei it lęzen fan net te fertarren Ingelske hânliedingen mar brűzjend it net opdrave.

Fansels is ek dit útstel opstelt as in webside. De teksten binne koart en ienfâldich hâlden. De efterlizzende techniek moat ek bij de lytste komputer mei beheinde  ynternetfunksjes wurkje.  

 boppe
Fryslân hat in tige modern bedriuwslibben