Hoe skatte wy de kosten fan it projekt Frysk.com?
Wolle jo de kommunikaasje-revolúsje fan Ynternet serieus nimme, dan moatte jo ek tinke oan in
serieus ynstitút. Dit ynstitút sil nei alle gedachten fluch groeie. It sil stal krije oant it
itselde foweardig plak hat as de oare profesjonele Fryskkulturele ynstellings. Doel is Fryk.com
inselde plak te jaan as bygelyks de Fryske Akademy. In de fysje fan NIMM sil sa'n ynstitút
dêrom net alinne in goede profesjonele start hawwe moatte mar ek foldwaande middels.
Start-up
Startfase stichting NIMM (sjoch bedriuwsplan) |
f. 60.0000 |
Kosten organisaasje Frysk.com
De minsken en har niveau:
It personiel wurdt dêrom yn earsten rûst op:
senior informaasjekundige: |
indikaasje: skaal 13 |
f 165.000 |
hardwaredeskundige: |
indikaasje: skaal 10/11 |
f. 90.000 |
2 webadfiseurs |
indicaasje: skaal 12; |
f 250.000 |
sekretariaat |
skaal 8 |
f 50.000 |
reis- en oare ûnkosten |
|
f.. 20.000 + |
totaal |
|
f. 575.000 |
taljochting:
ynformaasjekundige, mei oersjoch op in heech technisk niveau.
Feardich om op doelmitige wize de nije techniken foar de Fryske mienskip te garjen en yn te
setten.
hja moatte kommunikative feardichheden hawe en foldwaande
ûnderfining om de saak oan de man te bringen.
hja moatte ynfierd wêze yn de kennis fan en mei hardware,
want soks moat perfoarst glêd wurkje.
ek de krullen en spuonnen moatte rigelmjitich opfage wurde,
dus in goede administrative krêft is net te missen;
wa't wurket makket kosten: hij reiziget, hij verbrûkt en dat
sit net yn it lean of de wurkjouwerslêsten.
De middelen
kantoorsoftware |
standert |
f. 16.000 |
mediasoftware |
spesifyk |
f. 20.000 |
portalbouw en lisinsjes |
eksterne bouwkosten |
f. 60.000 + |
totaal |
|
f. 96.000 |
taljochting:
der moat software wêze foar it eigen funksjonearjen.
Dit is de nomale kantoarsoftware: in tal fan de meast brukte skriuw-, administraasje,
komputerbehear-, webbouw- en webpublikaasje-programmatuer.
der moat ek software komme foar tal fan bysûndere
funksjes en applikaasjes, bysûndere mediasoftware foar it produsjerjen fan grafiske- musikale-,
databank- etc -tapassingen.
portalbouwkosten; Allinich troch ynskeakeljen fan
spesjalisten en spesifike semi-yntelliginte portalsoftware is in flugge profesjonele start te
realisearjen. Ek moatte der lisinsjes wêze foar it trochjaan of ynbouwen fan software foar
tredden.
Dizze programmatuer kin ynearsten rûst wurde op ca. 60.000 al lizze de lisinsje en
ûnderhâldskosten fan de meast krêftige portalapplikaasjes sa as Autonomy nog gâns heger.
De hardware
server |
2 |
f. 10.000 |
kantoorkompjûter |
1 |
f. 5.000 |
ûntwerpstasjon |
2 |
f. 24.000 |
back-up apparatuer |
1 |
f. 2.000 |
kompj. foar netwurkbeheer |
1 |
f. 7.000 |
laptop foar konsult en presentaasje |
2 |
f. 8.000 |
printer |
1 |
f. 2.000 |
flatbadscanner, foto/diascanner |
1 |
f. 3.000 |
audio/video wjerjefteapparatuer |
x |
f. 6.000 |
bild en lûd opname apparatuer |
x |
f. 8.000 |
fax |
1 |
f. 600 |
tillefoans |
x |
f. 1.200 + |
totaal |
|
f. 76.800 |
in server is nedich foar it koördinearjen fan it
permaninte ferkear mei it yn- en externe net; it is de bloedbaan foar it gehiel;
in pc foar it sekretariële wurk;
alle spesifike wurk foar tredden en foar de eigen portal kin
opmakke wurde op ûntwurpstasjons. Dit binne relatief swiere komputers die't mei krêftige
programma's en grut geheugenbeslach wurkje kinne;
úteinlik moat in grut part fan it konsult, mar ek de
presentaasjes, bij tredden plakfine. Dan hat men wat draachbers nedich dus een laptop;
helpmiddels as printers kopiearapparaat, flatbadscanners,
diascanners fax.tillefoans etc.pm;
internetmedia-apparatuer. Hjir sit een enoarme ûntewikkeling.
De wiere takomstige behoefte is net goed te skatten. De skatting hjir is minimalisearre.
Húsfesting:
kantoar-hier |
f. 18.000 |
kantoar-ynrjochting |
f. 20.000 + |
totaal |
f. 38.000 |
it kantoar moat foar it hektiske barren genoch romte en
fasiliteiten hawwe. In goede klimaatbehearsking en techniske infrastruktuer is ûnmisber. De
lokaasje moat in minimale representativiteit hawwe. 18 K is gewoan de hier fan in standert
hûs. Foar in goede kantoarlokaasje is it wol wat oan de krapperein.
kantoarynrjochting: Dat moat: behang, flierbedekking,
skiedingswandsjes, liedingen ensh.; mar ek tafels stuollen kasten en oar opbergmateriaal.
en fansels lytsguod as pennen, bakjes...
PM unfoarsjoen etc. 10% fan netto
Totaal: ca: 850.000 yn it earste jier. De eigen fertsjinsten
binne ynearsten te ferwaarleasjen.
Dêrnei ca: 500.000 plus eigen fertjinsten út adfys, donaasjes en sponsering.
Op langere termyn moat ek foar groei steund wurde op akjes (wraldwiid) foar partikuliere of
bedriuwsdonaasjes, adfertinsje-opbringsten en jilden van de oanbelangjende ministeries en
Europa.
Foar de earste trije jier soe de Provinsje yn elts geval it
foartou nimme moatte en in garânsje jaan. |