Navigaasje
Swingel Online   Swingel 5,  2001
  Ynhald
  

Wat is der oan de hân mei de Bestjoersôfspraak?

Jabik van der Bij


It hinget swier yn it krús mei de nije Bestjoersôfspraak. Yn 1989 is de earste ôfspraak tusken it Ryk en de provinsje Fryslân ûndertekene. It wie in earste ôfrûning fan it rapport Fan Geunst nei Rjocht. Wat der fêstlein waard wie noch o sa hoeden. It koste it Ryk net al te folle jild en yn Den Haach hiene se it gefoel dat se dêrmei ôfskiedingsgefoelens yn Fryslân de kop yndrukt hiene. Yn 1993 kaam der in bystelling fan de ôfspraak, mar tagelyk seach elts en ien oankommen dat yn it ramt fan it ûndertekenjen fan it Hânfêst der in nije Bestjoersôfspraak makke wurde moast. Doe't it Hânfêst yn 1998 yn wurking kaam moast de âlde Bestjoersôfspraak op 'e nij oanpakt wurde, omdat dêryn in tal bepalingen út it Hânfêst foar Fryslân jildingskrêft krigen. Fan dat momint ôf is der praat wurden tusken Ljouwert en Den Haach oer in nije bestjoersôfspraak. Trije jier hat it no duorre en út de ferhalen mei men opmeitsje dat hy no klear is foar ûndertekening yn juny fan dit jier. 

Wat my opfalt en wat ik net fan dizze tiid fyn is de geheimsinnichheid dy't der no om dizze bestjoersôfspraak hinget. Der is yn it ferline wolris mei organisaasjes praat oer winsken dy't der libje en dy't eins yn de nije bestjoersôfspraak meinommen wurde moatte soene, mar wat der no krekt yn komt dat meie wy skynber net witte. Oan juny ta moat it geheim bliuwe. It skynt dat de ûnderhannelings dreech west ha en it Kolleezje fan Deputearren docht it foarkommen dat se der hiel wat útsleept ha. Ein maaie wurdt it resultaat yn in besletten gearkomste foarlein oan de Steaten. Ik freegje my ôf wêrom't it noch foarlein wurdt as der neat mear feroare wurde kin oan de tekst omdat oars it hiele ûnderhannelings-sirkus wer op 'e nij begjint. Polityk sjoen sille de Deputearren wol soarge ha dat in mearderheid yn de Steaten in soarte fan mandaat oan it Kolleezje ferlient, mar wêrom is dy poppekast nedich as de gewoane boarger der bûten litten wurdt en net witte mei wat der bepraat wurdt? As der yn de Steaten al minsken binne dy't wat feroare ha wolle dan kinne se mei har opmerkings gjin kant út. It wurdt foar kundskip oannommen. Spitich no't dit Kolleezje krekt mikt op draachflakferbreding, sa as hja it sels neame. Wie der dan net wat foar te sizzen west om in soarte fan ûnderhannelingsynset mei de Fryske organisaasjes oerien te kommen en dêrmei op stap te gean?

Jo krije sterk it gefoel dat wy hjir yn Fryslân wer op 'e knibbels nei Den Haach ta moatte en dat de meast normale dingen foar de helsdoarren weihelle wurde moatte. It Kolleezje wurket der op dizze manier oan mei dat dit soarte fan gefoelens oproppen wurde. Kinne wy hjir sels net bepale hoe't wy mei ús taal en kultuer omspringe wolle? Ik mei net witte wat der yn de nije bestjoersôfspraak stiet, mar it stiet al hast fêst dat as it om it jild giet, der wer tige knypt wurdt. Skoallen sille it Frysk mar út de frije romte helje moatte en Omrop Fryslân kin wol mei folle minder jild ta as lanlike stjoerders. Soksoarte opmerkings komme al gau by jo boppe as it gehiel mei safolle geheimsinnigens om en ta giet. Ik krij boppedat it gefoel dat de piid der wat út is by de Steaten. Yn de tiid fan It Tuskenrapport en Fan Geunst nei Rjocht hiene jo it gefoel dat it de Steaten mienens wie mei it Frysk. It is krekt as wurde se wat wurch op it Provinsjehûs as it om it Frysk giet. Jo moatte ús regear net te bot lêstich falle en foaral net te drammerich wêze as it om it Frysk giet. Wy moatte it byld oerein hâlde dat wy hjir hiel goedwollende boargers binne en ús skikke wolle yn it lânsbestel. It past ús net om mei de fûst op de tafel te slaan, wat meie de minsken yn Hollân dan wol net fan ús tinke? Wy moatte se dêr net te hurd falle want wy moatte ek noch in sweeftrein ha en de de Langmanjilden moatte net yn gefaar komme. Wat dat oanbelanget binne de minsken yn it Kolleezje dochs echte Friezen, ridlike minsken dy't wol om lyk wolle.

De Bestjoersôfspraak: in earste yndruk.
Doe't ik myn stikje "Wat is der oan de hân mei de Bestjoersôfspraak" skreaun hie, die bliken dat se by Omrop Fryslân wiidweidich praten oer it jild by de Bestjoersôfspraak. My tinkt dan mei ik der ek wol wat fan sizze. Dochs stjoert it provinsjebestjoer it stik nei de Steaten mei de opmerking dat der oant 5 juny noch in embargo op de tekst leit. It kolleezje fynt it lykwols fan belang dat foar de ûndertekening de kommisje har advys jaan kin oer de tekst. Der wurdt net sein wat der dien wurde kin mei sa'n advys. No't ik it dochs op de ien of oare manier yn de hannen krigen ha wol ik net neilitte om in earste yndruk te jaan. It kin noch krekt.
Tige steurend is de gûlderige brief dy't de amtners der as oanbiedingsbrief by dien ha. O o wat ha se it dreech hân dêr yn Den Haach. Gjinien hie ynteresse en se woene eins neat. En dan ek noch sykte yn de eigen gelederen wêrtroch it allegearre noch stadiger gong. As provinsjebestjoer soe ik my deaskamje dat der sa'n brief bydien wurdt. As men mei sa'n ynstelling nei Den Haach giet dan ha jo yn elts gefal de earste slach al ferlern. Want de slach is neffens my ferlern. Ik kom der straks op werom as it om it jild giet.

By in earste kear trochlêzen makket it stik net in ferkearde yndruk op jo. De taal is tige amtlik mar wa 't dat op 'e keap tanimt hat it gefoel dat de beide partijen it wol goed miene mei it Frysk en it fernuvert jo sels in bytsje dat se dêr sa folle jierren foar nedich hiene. It is hjir en dêr in lyts stapke fierder as eardere ôfspraken en it binne gjin ierdferskowings. 
De "considerans" set de toan. Der sil in romhertich belied fierd wurde om de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen. It Frysk moat yn fergeliking mei it Hollânsk in gelikense kâns krije om him te ûntjaan. Ryk en provinsje binne harren bewust dat dêrta de nedige betingsten skept wurde moatte en wolle dêrta jild beskikber stelle. Dat wie yn de foarige ôfspraak ek al it gefal. Hjir en dêr binne der wat nije ûnderwerpen by kommen. Sa is de foarskoalse bernetiid foar it earst opnommen en wurdt der wat mear sein oer it beropsûnderwiis en wurdt ek de ûnderwiisûndersteuning neamd. Nij binne de paragrafen oer it "economisch en sociaal leven" en "grensoverschrijdende uitwisselingen". 

De toan is dus freonlik en o sa yn 'e mjitte kommend. Mar it giet úteinliks net om de moaie folsinnen, it papier is wol geduldich. Hoefolle jild komt der op it kleed om it Frysk in selde kâns as it Hollânsk te jaan? Dan falt it bot ôf. De strukturele bijdrage fan it Ryk bliuwt op in heal miljoen hingjen en 3,5 ton is ynsidenteel. Dat kin dan letter sa gau mooglik wer fuortbesunige wurde. Yn ferhâlding dêrmei taast de provinsje dan noch djip yn 'e bûse mei har krapoan 2 miljoen. Mar dêrmei kinne jo net wat feroarje yn it ûnderwiis fan berne-opfang oant it heger ûnderwiis en fan media oant de kulturele foarsjennings. 

In oare kear wol ik in berekkening jaan foar wat der allinne al foar it ûnderwiis nedich wêze soe. Ik kin my yntinke dat al dy djoere ûndertekeners yn Den Haach (sân ministers en steatssekretarissen) har de bûsen út skuorre doe't se de Friezen ôfsâlte hiene mei dit foaike.

Jaap van der Bij

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl