Swingel Online   Swingel 4,  2000
  Ynhald
  

Frysk op ynternet of internet?

Bauke Nicolaï

De staveringshifker fan de Fryske Akademy jout gjin útslútsel. Sawol by ynternet as internet krij ik in read grimeltsje ûnder myn tekst. Ik brûk beide foarmen dêrom mar wat trochinoar.

Al wer in stikje oer dat ferdealde ynternet sille jo faaks tinke mar ik sil ek it kommende jier oanhâlde as storein as it giet om it brûken fan it Frysk yn in medium dat sa stadichoan alle aspekten fan it maatskiplik libben rekket.

Tryater
Wat is der oan nijs te melden? Tryater, ien fan de pronkjes fan ús provinsje, is on-line. Mei in trijetalige side dy't besjen lije kin. Spitich genôch hawwe se der foar keazen om de folseine side út te fieren yn 'Flash', in grafyske technyk, dêr't de lêsberens fan de teksten wat ûnder te lijen hat. Mar fierder alle hulde foar dizze flitsende en tige folsleine Fryske side. Www.tryater.nl is in oanwinst. 

Omrop Fryslân
De side fan Omrop Fryslân komt ek hyltyd better út de ferve. De 'redaksje nije media' dy't ferantwurdlik is foar sawol Omrop Fryslân tekst-TV as www.omropfryslan.nl , docht it goed. Op de side fan de Omrop is alle dagen mear as oardel oere nijs fia Real Player te belústerjen. In prachtige kâns foar Friezen (fier) om utens om it nijs yn Fryslân in de eigen taal te folgjen. Jo moatte wol in ridlik nije P.C. hawwe mei audio-fasiliteiten. Koartlyn is boppedat in diskusjefoarum oan de side taheakke dêr't besikers har miening jaan kinne oer aktuele saken.

Gemeenten yn Fryslân
By Gemeenten yn Fryslân dringt stadichoan it besef troch dat it meast Friezen binne dy't har melde oan de digitale loketten. Nei Smellingerlân, wurdt der op dit stuit wurke oan Fryske ferzjes fan www.skarsterlan.nl, www.boarnsterhim.nl en www.wunseradiel.nl . De Afûk, sels on-line op www.kultuerside.nl, spilet dêryn in wichtige rol.

Fryske Skriuwers
It tal Fryske skriuwers mei in eigen ynternetside nimt ek ta. Fia http://www.flmd.nl/auteurs.htm hawwe jo, neist de ynformaasje dy't it FLMD jout, ek tagong ta de privee-siden fan ûnder oaren Albertina Soepboer, Cornelis van der Wal en Joop Boomsma. 

ANWB rûteplanner 
Op ANWB-city, sa't se www.anwb.nl neame, binne se noch net by de tiid! De rûteplanner, paadfiner sa't jo wolle, is noch altyd net fuorre mei offisjeel yn it Frysk fêststelde plaknammen. Hoewol't Burgum al sûnt it midden fan de jierren tachtich gjin Bergum mear hjit, komt de ANWB-rûteplanner mei dizze tekst as ik it paad fan Burgum nei Jirnsum opfreegje: "De plaats Burgum in Nederland kan niet worden gevonden op de kaart. Het kan zijn dat de plaatsnaam niet juist is gespeld. Gebruik de officiële spelling van de plaatsnaam in het betreffende land.........". In Fries dy't him dêr earder al drok om makke hie, stjoerde in mailtsje nei de klante-service fan de ANWB en krige it folgjende antwurd: 
"Hoewel het Fries een officieel erkende taal is, hebben wij ervoor gekozen de namen te gebruiken die wij in het verleden ook gebruikten, echter begrijp ik uw vraag en wij zullen dan ook trachten zowel de Friese als de oude namen te gebruiken, ondanks het feit dat deze oude namen zijn vervangen."

No, is 't net prachtich!

Bauke Nicolaï


 

Email: redaksje@fryskebeweging.nl