Navigaasje
Oersop 
 

wylpen yn it slyk
 

In wiete balpinne skriuwt net. Yn it fjild moast in potlead brûke." ropt Bernhard altyd. Myn pinne is gjin balpinne, mar in fynskriuwer. Hij hat ek in milieufreonlike folling op wetterbasis. Dy pinne skriuwt, mar sifers wurde stadichoan foarmleaze flekken. Hok foar doel hat it om it gelyk fan Bernhard noch tsjin te akseljen? Myn potlead dan mar. Ik haw der noch in moaie punt oan slipe. 
Fruchtleas lûkt it spikerhurde grafyt skuorkes yn it ferweakke papier. Fansels, Bernhard soe it normaal fine om it krekte soarte potlead te keapjen. Hij hie sjoen as der HB op stie, in graad foar sêftens. Hij fynt soks wol sa fanselssprekkend, dat hij tinkt dêr net oan om oaren dêr op te wizen. HB, is wol sêft, skriuwt en flekt net. 
 
De wylpen strike yn al mar grutter tal op de mokselbanken del. De wiete wyn taastende yn har sêfte sturtfearren. Har iele fluitsjen ferwaait yn de tinne rein op de skiere flakte. Fan mij wurd ferwachte, dat ik krekt bijhald wat se ite. Dat blykt muoiliker as tocht. It iere moarnsljocht jout de slikerige waadkant in ferskaat oan tinten griis. Grize wetterferve, alles rint troch. Juster liende ik Bernhard syn fierrekiker en ta myn ferassing krige alles tige skerpe kontrasten. In goede kiker is neffens him wichtich foar it beoardielen fan it fearrenpatroan fan fûgeltsjes. "Sûnder in goede kiker is dit fjildûndersyk,"sei Bernhard, "eins net te dwaan."
Mar myn goedkeape fierglês hat net sok soarte kontrast. It makket wûnderlike fleurige reinbôchjes om alle details. Dertroch wurde se oars allinnich mar minder te sjen. Bernhard hat wat gnyske om myn oankeap en mij goedmoedich in tal fan krekte merken neamt, dy't net alhiel yn myn studintenbudzjet passe. Hjoed moast hij spiternôch sels syn kiker brûke om strânljippen te observearjen.
 
Krabben ite de wylpen hjir foaral, wit hoemannich. Net te leauwen hoe't dy wylpen hân-grutte krabben troch harren teare kielsek glydzje litte. It stienhurd pânsere krabbeliif hat gemiene skerpe roannen en úttsyksels. Dêr giet der wer ien. Skatten nei de lingte fan de lange kromme snaffel, in krab fan goed njoggen sentimeter liif. De wylp hat de krab tusken syn lange snaffel skept. Skoddet ris flink. De poaten fleane alle kanten op. Nei twa hikken is de hurde hap ferdwûn. De poaten folgje, pik, pik fuort. Myn potleat krast wer wat kerfkes yn it papier. Twa heale moanne foarmige skuorkes dy't ik letter as in noggen ûntsiferje moat. 

 

Prefessor

 

Dat waarnimme hawwe se as bern al meikrigen. Else sneon it fjild yn mei it kliemske bûsboekje, mei oare bern fan it bûn. In brochje en in appel mei fan mem. De heit en mem kinne inoar der ek fan lyk as de prefessors. Soks jout in goede kroade. Ik kom út in oar nêst. Ik wie gjin lid en sels de blommen yn ús finsterbank stiene der om te ferdroegjen.
Thús learden wij noch gjin mosk fan in roek te ûnderskieden. Yn it selskip fan fûgeltsjelju hâld ik mij dêrom leaver stil. Ik soe der leaver in foto fan nimme, tink ik, en dan echt telle. De earste dy't bij tellingen begjint te roppen is Bernhard, selsfersekere en mei oerjefte. In inkele kear rop ik balstjurrich ek in rûsing, mar net ien lústert. Ik wit net of't it oan it stimfolume leit as de twifelriedige toan, mar it is net oars. 
 
Hij wurdt noch wolris prefessor, sei slachter Boonstra altyd. De slachter syn bern hienen gjin stúdjehollen. Sij holpen harren heit mei grutte kloeren it fleis út te bonkjen. Fanôf har fyftjende stienen se tusken de woarsten en it gehak. Boonstra wie in fakman en hij en syn húshâlding koe der spek fan op bôle ite. Mear as dat. De soannen hienen al in grutte Kreidler doe't ik it ôftrape fytske fan myn grutte broer krige. 
Grutsk koe de slachter fan souder komme mei in skoan omslein stik pikelfleis, syn spesjaliteit, yn 'e skoarstien rikke. 
De heale dei stie hij mei in fluch mes karkassen út te snijen dy't as foltere lyken yn syn slachthûs hongen. Ien kear gong it likernoch mis. Pas doe't de slachter it wiet yn de skuon fielde, seach hij nei ûnderen. Der hong in stik term út syn broek, en wol went oan de oanblik fan terms op syn slachtplak, duorre it in pear tellen foar hij yn 'e rekken hie, dat it syn eigen wie. In fakkundich skerpslipe mes snijt sûnder pine. Letter doe't in tûk sjiruch it guod wer oaninoar naait hie, wie hij der grutsk op. Syn soannen en skoansoannen hawwe no it famyljebedriuw, al in grutte slachtfabriek.
 
Sneins gong slachter Boonstra wol mei de hiele húshâlding nei Noordwijk aan Zee. De ôfslútdyk oer mei in swiere Mercedes fol grouwe jongens en fammen. Dêr iet hij patat en karbonaden oan it strân, wylst syn boarsterige dochters een borstcrawl in 'e brâning dienen of har foarse readzjende rûningen ynwriuden mei tsjokke oalje.
Om't Boanstra fûn, dat in boekewjirm as ik seelucht noadich hie, naam hij mij gauris mei. Dan siet ik op de efterbank ynwrotten tusken dy dampige heerlijkheden. Guodlik warskôge hij syn fammen om nea mei sa'n bleekskeet thús te kommen. Jo sjogge ommers nooit sa'n geleerd heerskip yn in Mercedes. In Dafke, meer kin it faaks net lije bij sokke stofnêsten. Klearebarre earmoed. Trou mar ien mei in saak.. In de slachterij gooie jo de harsens ek bij it ôffal foar de fetranerij.
Dy dochters sille fan é jûn, wylst ik myn ferslach útwurkje, grif mei harren grouwe kearels nei de bowlingbaan ride. Yn in terreinauto, in pak flappen yn de kontboesse foar bier en ballen. Op kosten fan 'e saak. Ik wurkje myn statistyk út, want ik wurd prefessor. Of net soms, want in waarnimming fan in fakature, sels de nederigste funksje, is yn dit fak al jierren net dien. 
 
 

 Fûgeltsjelju
 

Bernhard liket it brek oan karièremogelikheden neat te dwaan. It hat gjin doel om bij him dit ûnderwurp oan te snijen. Bernhard skowt it fansiden as is it nea bij him opkommen en begjint oer ien of oar suksesfol ûndersyk of in nijsgjirrige natuerreis fan him. Hij set him sûnder sydpaden yn foar elts ûndersyk, feitelik betinkt hij ek de ûnderwurpen foar oaren. Hij wurdt dêrom op 'e hannen droegen troch de fakulteitsstêf. Salang hij syn ôfstudearskripsje net ynleveret, hâldt hij syn assistintebaantsje en hat hij wat sinteraasje. Simmerdeis kin hij dêrfan goedkeap mei ien fan syn freondinnen, elts jier in oare, nei de Hebriden om foarbijswimmende walfisken en papagaaidûkers te tellen. Nei de simmer, at de lêste walfisk syn fontein ejakulearre hat, binne se útpraten of sa en wennet Bernhard wer allinnich op syn lytse studintekeamer..
 
In pear wiken lyn hat Bernhard lykwols fernommen, dat hij in promoasjebeurs oan de universiteit fan Cambridge krije sil op foarspraak fan syn heechleraar. Noch gjin prefessor, mar wol mei status en finansjeel knap rom yn it jaske. Hij soe in fjouwertal jierren de wrâld fan noard nei súd bereizgje kinne, mei de stoarmfûgels de simmer efter nei, foarsjoen fan de djoerste fjildkikers. Guod dat op de Camel Trophey net misstean soe. Yn it sok syn freondinnen, in kroanprins op toernee.
 
Ik sels kin noch gjin fatsoenlik ûnderwurp foar in doktoraalskripsje betinke. Jierren lang haw ik tentamens dien oer ûntelber folle feiten. Net de minste gearhing haw ik yn dat stúdzjepakket fûn. Gjin inkele metoade ek om ta fakmjittigens ta profesjonaliteit te kommen. Oer ôfstudeerûnderwurpen, dêrta ferge, docht de iene heechleraar noch tiziger suggestjes as de oare, ferheard dat ik sels noch altyd neat betocht of regele haw. Nea liket it tinken yn har plasse op te kommen, dat ik noch in learling bin, dat ik in wiere learmaster nedich haw om mij yn te wijden yn de krekte techniken fan de tapaste statistyk en de metoaden fan it wittenskiplik ûndersyk. Wêr wurd sok fakmanskip eins frege yn ús maatskippij? Hie ik net better in koarte kursus boekhâlden dwaan kinnen en op kantoar bij de Boonstra's wurkje sa at myn kroechfreondinne Roelia suggerearre?
 
 
Roelia
 
Roelia stuts nei in pear gleskes bier graach dy studint de gek oan. Boekhâlders, dy binnen der neffens har nooit genôch. It bedriuwslibben raast om boekhâlders. Nee, hja seach noch nea in adfertinsje foar in ' wittenskiplik foarme biolooch'. Neffens har waarden dy nei de stúdzje direkt op sterk wetter setten yn it natuermuseum. Sij soe ek net witte, wat sa'n sokkebreider op har kantoor dwaan koe. Sa'n fint dy't allinnich mar prate koe oer de blauwe mich op't plafond of it blauwboarstke foar it finster. Biologiske t ee sette tink. Ja okkerdeis wie se ris op in iepen dei fan it Biologysk Sintrum west. Siet dêr san fûgel, prefester dokter Dinges, de hiele dei yntym oan tafel mei in blauwe mich, festlime op in stokje. De mich fansels. Foar de mich stie in mikrofoan en de mich sei de hiele dei fan brom brom, oars net. En dy gelearde droegkloat makke der dan op in apparaatsje steapels grafykes en dêr wer statistykjes fan. Dy alfabetisearre hij dan wer ta publikaasje en sa rispe hij de ferplichte punten foar de fisitaasje kommisje. At der nachts op syn frou lei sei der grif ek allinich noch brom brom.
  
It wie feitelik misdiedich fûn Roelia, dat jonge minsken ferliede waarden om in stúdzje te dwaan wêr't gjin doech brea mei te fertsjinjen is. In inkele reis bijstân. Troch herexamens nooit in wykein de tiid om mei in faam te surfen. Sûnder studinten gjin prefesters, dat witte dy hearen och sa skerp. Sa'n prefessor yn de biology is feitelik sels in foech boasaardige parasyt. Hij sûcht studinten leech en koarret se nei fiif seis jier út as in ôflebbere hoer.
At ik dan sa'n domkop wie? "Nee, do kinst mei in koarte kursus noch hiel wat oprêdde hear. Moast dan wol op kantoar tusken famkes fan santjin begjinne en de hiele dei faktueren yntype. Immen wurdt net samar baas yn it spul. Kom drink noch ris ien fan mij en dan moat ik ek fuort, want ik soe moarn al betiid mei Karel te silen. Hij hat in stive 22 kwadraat en ik wit in smout plakje om oan leger wâl te reitsjen, tabee!
 
 
Kjeld
 
Al dy fûgels, stranljippen, grienpoatrúters, wytgatsjes, se pikke yn de blabs dat it in aard hat. Foar in minske is der allinnich mar in keale drekflakte te sjen. Der moat oars dochs in goed dekte tafel lyk ûnder it oerflak sitte. Hie ik no mar in lodde om ris flink yn dy drek om te skeppen. Faaks kaam der wol wat wittenskipliks út. Yn elts gefal krigen jo it der waarm fan. Ik bin hjir omtrint oan it ferstjerren fan 'e kjeld. Ôfloskje liket der hjoed net bij te wêzen. Wer bliuwt Bernhard no? Ik stean hjir al fanôf fjouwer oere moarns te blaubekjen. Ea hearde ik nuvere ferhalen oer ûnderkuollingsferskynselen. Op skoalle hiene wij ris in maat, Jan Koster, mei beferzen earen. De knaap kaam út in dûmny's húshâlding yn Ternaerd, gerifformeard in krap traktemint dus en de bern fytsten eltse dei it hiele ein nei Ljouwert. Ek yn de iiskâlde wyn.  Dy earen, och, die waarden sa grut as koalblêden. Dat wie dochs wol hiel wat oars as dat kâld krompen rûpke dat ik saniis fûn bij it pisjen. Neat om in waarme frou mei te plezieren. 
 
Oan wat waarms wol ik tinke, hûd oan hûd, mar sels dy gedachte wurdt ûneindich fertinne yn de waaddampen. De flakte glinsteret as in fisk. In wiete slimerige skylfiskhûd is kâld. It aard fan it wetterich miljeu. De sinne dy't as in bleke kladder boppe de kimme hinget, slipet yn dit ierdske in stielbauwe glâns oan it nei swevel en blikjes krab stjonkende waadslyk. Der is gjin minske te sjen, sels net ien om oer of tsjin te kankerjen. Wêr bliuwt dy jongen no!
It kâlde wetter is al lang troch de skuorren yn myn learzen kringe en de noch waarme plakjes hûd begjinne stadichoan terrein te ferliezen. Fanôf in trochlekkend  skouder sil in lytse kille stream de rêch ferkenne. It minime streamke longeret nei de Grutte Lisse der 't krekt al dy reitguozzen  weiferzen binne.
  
Fan foaren plakt it tekstyl wiet oer myn búk. "Moast absolút wollen klean meinimme,"hie Bernhard noch sein. "Wol hâldt de waarmte fêst ek at it wiet is. Skiep rinne ek net yn katoen."
Ïn minske is in fize bleate moksel. Fan syn natuer woldragend, mar myn flues hat him op in pear pôlen nei fan myn bleke Europeeske fel tebek lutsen en is al te betiid oan har lêste ôftocht.
 
 
Marije
 
Marije hat feitelik wol in prachtige kop mei swart hier. Wat boppe sit, sit fansels ek ûnder. Soe it ek wolwaarmte hawwe? Se rûkt einliks in lyts bytsje nei swit, hm ja. Juster prebearre se mij kear op kear Bernhard syn statistyske oanpak fan ús ûndersiik út te lizzen. Har plúzige wollen trui hie nijsgjirrige wulvingen en ik lústere wat nei de lading, de eb en floed yn har boppe en ûndertoanen. Sadwaande folge ik har útlis net. Neist har wurke Bernhard syn oantekeningen út.
 

Klauend yn syn tinne wite hier helle Bernhard mei de tosken, en mei wiere belangstelling, de fangst ûnde syn neilen út. Seagen syn freondinnen soks noait? Wiene se der blyn foar? Woene se graach ris húverje bij in tút? Faaks woene se him  letter ferbeterje, it ferpleegstersyndroom. Winliken wie it gewoan de meast kânsrike partij. In jerk hat syn pracht kleuren. De pearbalts fan Homo Sapiens, de minske, is dochs tige subtyl en wittenskiplik min te ferklearjen.

 


 
God fan de kriich
 
Trije moannen lyn hie ik se oantroffen op har keamerke yn 'e studintenflat Myn freondinne Karin en har stúdzjebegelieder Herman, haaddosint maatskiplik wurk. Beskamsum hie Herman syn boesgroentsje wer oer syn ballonfoarmige bûk lutsen. Net beskamsum om it resultaat fan syn kliemske oantrunen en fergjen bij in him tafertroude leerling, mar om it betrape wêzen troch sa'n snotstudintsje. It liif hong ûnfoech oer de râne fan syn broek. Hij moast syn kul net iens sjen kinne at hij op syn skuon wettere. It wie dúdlik dat hjir net de staazje of de takomst fan Karin besprutsen waard of dat dit alles no sa maatskiplik wie. Wol leersum fansels, teminsten foar mij.
 
Herman, wie dat net dy Teutoanske god fan de kriich? De status fan haaddosint mei fêste oanstelling stiet kennelik simboal foar in grut swurd, want oan syn ôfhingjende skouders, dêrbij syn sneue hâlding as soe hij no klappen krije, koe it net lizze. Satus makket alles wat lilk is wierlik ûnsichtber.

Om't ik de dêrop folgjende dagen it fielen net fan mij ôfsette koe, dat dy krokettebúk tusken ús op 'e matras lei, wie ús ferkearing in ôfrinnende saak. Beleefd en beskaaft, moglik út brek oan fermogen om ris flink rúzje te meitsjen, haw ik de doar fan har flat stil mar foargoed efter mij sletten. Good clients don't complain, they just fade away. It fjûr wie dôve.
 
 
Slakjes 
 

Sjoch in slakje, in waadslakje fan amper twa milimeter miniatuer. It hiele dierke is wat glêzich trochskinend. Fan mûle oant anus is in lyts termke te sjen, dêr't in bytsje grien-pearse algenbrij ferwurke wurd ta nuttich aaiwyt. In lyts barnstiennen húske mei in faach swart streepke op it slymsêfte rêchje. It lyfke, sacht as de binnenkant fan in frou, skowt oer it skerpe sân. Och ien, och in hiele protte. Wêr komme dy ynienen wei? It wetter is no hielendal fuortrûn. Se sieten yn it sân. Tûzenen en tûzenen op in fjouwerkante meter. Tsien miljard de fjouwerkante kilometer, twa keer de wrâldbefolking. Sjoch elts draait syn eigen rûntsje en weidet syn alchjes en purperbakteriën. Kokes yn it lyts. 
Syn/har eigen rûntsje moat ik sizze, want se binne tagelik mantsje/wyfke. Gjin ferfelende konkurrinsje tusken manlju en froulju. Emansipaasje at libitum. Se dogge mei harren twa'tsjes in kwartetsje, hiel gesellich fiif miljard pearkes op syn Frânsk elke hûndert hektare. Triljarden spermatozoïden griemende oer kilometer nei kilometer waad yn ûnbegyplike oantallen. De waadsee as in troch moksels opsûge oersop fan spermatozoïden, frij omswimmende yndividútsjes, dy't yn wêzen en driuwfear neat ferskele fan dy fan levermoassen of minsken. Homo minusculus neamde Antoni fan Leeuwenhoek se ieuwen lyn, doe't hij syn eigen selsbeflekking troch de mikroskoop gûkere. 
 
De lytse bûnte griltsjes drave der oerhinne. Minireuzen, dy't hastich slakjes pikke sûnder effect op it enoarme tal. De ûnripe slakkeaaikes wurde ferwurke ta fûgelaaikes. Tûzenden foar ien. De slakjes witte it net. Se binne sels hastich dwaande har bûkje fol te iten foardat it wetter opkomt. Pearkje sadre't it waar har hormoanen opjaait. Op it earste gesicht allegearre identyk en dochs minuskúl sinnich yn de kar fan harren partner.
 
 
Janny 
 
De earste wiken wie ek Janny mei, spjochtich, sprútich en in earlik sin. Doe't wij op middei frij wiene, frege se mij om lâns it strân mei te rinnen nei X-doarp, dêr't wij in pilske drinke koene en wat dûnsje. Bernhard en de oaren sieten noch drok oan harren oantekens te rekkenjen en woene net mei.
It wie in âltwivesimmer en op it brede strân waaide in sulverskjin koeltsje. In wyt strân stode foar ús út mei puollen en drûchwaarme faskberne dúntsjes, maagdelijk jong yn in einleaze bocht. In ûnferwacht waarme hjerstsinne makke de stemming fertroud en we praten wat oer de ups en downs yn beider ferkeringen. It petear rekke op en wij sieten yn de ôfkuoljende lette middei efkes tusken twa  dúntsjes yn jong fammesteat bij een fikse pôle helmgers. Janny har koperen sprúten liken ynienen in bliere blommegreide op it wite sân. Har gielgriene eagen in útnoegjende twilling. Ik skode wat tichter tsjin har oan en myn hân oeps wat fjirder.
 
Janny is in natuerlik famke sûnder falske show. "O, ik moat efkes," melde se, noch foar dat ik der út wie at se te tútsjen wie, "Mei in folle blaas kin ik net." Noch gjin tijie meter fjirder luts se hup har broekje op de knibbels en sproeide wiete flekken yn it stowende sân. De tusken har hierkes ferwaaide drippen blonken as peareltjses yn de leech hingjende sinne. Se luts mei-iens dat broekje mar hielendal út en gong tútklear foar mij op it san lizzen, Frysk as it strân en liet mij de knoopkes fan har bloeske telle. De wyn hie tusken har skonken de wiete hierkes kâld makke Tsjin safolle nochtere spontaniteit wie myn eigen bleuëns net opwoeksen. Janny seach fersillige, der waard in frou skepen. 
 
De sâlte wyn en de asem fan Jannie fermongen har ta in herinnering út in bettere wrâld.  Janny wie meager mei ribben fielber direkt ûnder it fel en in wifkjende bloei fan boarsten. Die sulveren hierkes op Jannie har ôfkuoljende fel begûnen rjocht oerein te steanop hiele lytse heuveltjes. Se lake, rûn nei de wetterkant en griemde wat fan ús yn it oersop fan de see, foar it filterjend gedierte, kokkels, nontsjes, strângappers, en fûkewjirmen. Om har sierlike mei sewetter wiet wosken skonken hong se kwiek wer har spikerbroek en der wie neat bard. 
 
Janny kaam op it foarfal net wer werom, al bleau de fertrouwelikheit tusken ús hingjes. In wike letter wie har ûndersyk dien en bea ik oan har efterop de tjinstfyts nei it feer te bringen. Se swaaide, as altyd bliit entûsjast, fan efter de reling: "Hoi maatsje!"
Núver sa in sympatyk famke. Mei in famke as Janny soenen jins problemen dochs libbenslang út de wrâld wêze? Ik soe dochs bêst mei har trouwe kinne? Wie it noch altyd dy kriichsgod Hector dy't myn mannemoed yn in lytse herne triuwde?

 

 
De ûnbedimbere
 
Foarige wike stelde Bernhard út en gean mei it rubberboatsje de see op te farren. Dan koene wij sjen at de fûgels ek tiid fergriemden boppe de Noardsee of dat se har tiid op de leechstreamende waadflakten sa effisjint mogelik brûke. It earste koe tsjutte op oerfloed, it twadde op krapte. Iten as de beheinende faktor. De fûgels dy't útrûpele fan har flecht fan Grienlân, Siberië of Spitsbergen kamen en in dit tuskenstation yn in pear wiken opfetsje moasten foar de fjirdere reis nei Dodana, Mauretanië of noch folle fjirder Afrika yn. Ik woe der tjinyn bringe, dat dy fûgels bij oerfloed oan iten miskien gewoan te lui wienen om samar wat boppe see te fleanen of dat se oars gjin toeritisk sin hienen, mar in aventuerke mei de boat dat noaske mij dochs wol. Wêr wat oars as om beurten allinnich op it Waad posten. En ik besefte wol, dat Bernhard feitelik der op út wie om flak únder de kust passearjende jan fan genten waar te nimmen.
 
Bernhard smarde in goed pûdfol bôle mei pindakaas en ik helle in tankje benzine foar de bûtenboardmotor. Der stie amper wyn en de wolken waarden aloan tinner, dat it wie in moaie dei om op it grutte wetter te faren. It rubberboatsje wie âld en ferwjirre mei tal fan pleisters op de plakken wêr 't hij lek west wie. Neffen Bernhard wie it skip noch tige betrouber. Rubberboaten wurde súver wat taaier at se belein binne. Nei in foech kertierke lûken oan de starter hiene wij it swit op é rêch. Mar nei de earste walmkes begûn it moterke tefreden te protteljen en setten wij fan wâl. It wetter wie grut, it boatsje lyts. Sa like it of kammen wij yn twa treie oeren  net folle fjirder. It sil de floedstream wêze tocht ik. It swit dat earst ús rêch beklomme droege en de sinne skynde waarm op it dekseil der't wij foar in part ûnder krûpt wienen.
 
"We moatte takommende wike ek ris fjirder op it waad sjen, "sei Bernhard, "Neffens mij sitte hjir deun bij it eilân allinnich de kniesde fûgels. Let mar ris op, der sitte in protte kreupele poatsjes bij, foaral bij de strânljippen. De fette krabbenpopulaasjes sitte fansels op de grutte platen neist de floedslinken. Dêr streamt it measte detritus, dea ôffal, fan de Noardsee en de lege parten it hege waad op en ôf. De meast dominante fûgels skoppe de krakkemikkige eksimplaren út de groep. Dat is bij alle soarten sa. Dochs ek bij ús!.
 
"Ik haw oars wol lêzen, dat foar de Maasflakte troch wylpen oars net iten wurdt as Nerius, fûkewjirmen,"hie ik noch tjinakselje, "Miskien ite se wol gewoan wat har it meast foar de bek leit. Teminsten at se de koarsten kôgje kinne, wat bij kokkels en foaral moksels lestich is sunder sterke mage of snaffel.Mar Bernhard redenearre al wer fjirder: "At wij no it tal krabben de fjouwerkante meter berekkenje, de enerzjy en de biomassa dêrfan ynskatte en de omsetting yn wylpefleis en fet.  Sa rekkenje se ek bargefoer ien op tsien om yn baarch. At wij út ús tellingen opmeitsje hokker persintaazje de wylpen op ite hoege wij allinich noch de statistyske ferdieling fan fûgels en krabben op it waad te witten. Sa kinne wij de maksimale draachkrêft fan it waad, dat wol sizze it maximale tal wylpen útrekkenje."
 
Op dat stuit folge ik Bernhard syn rjochlinige riddenearing krekt net mear, want ik seach bij it omsjen, dat wij al pratendewei op de tanimmende ebstream wol in hiel ein it seegat útspjild wienen as wat jirpelkrommen yn it kolkje. Boppedat hong efter ús rêch boppe de eilannen in tige swarte loft. Hjir en dêr lutsen lytse sulveren triedsjes troch de inket. Sûnder it rammeljen fan de moter hienen wij it fiere rommeljen wol earder heard.  Mei dat ik seach wienen ek de golven koarter en heger, donkerder fan kleur ek. Krekt as wie sels de lucht in de boat in bytsje slopper.. "Kinne wij no net better werom Bernhard?" zei ik twivelriedich. Berhard soe earst noch efkes troch syn kiker sjen, mar it bûsboekje kaam net mear út it jak. Stoarmfûgels hjitte net sa om't se massaal yn de stoarmen omfleane mar om't se foar de dea skulplak sochten op skippen yn razende orkaan.Neffens mij kamen se yn dit part fan de wrâld net foar, mar sels gjin see ein wie der te sjen. "Die hawwe it waer better foarsjoen as wij en ek in better plak socht," tocht ik mei in sinkend gefoel yn de mage. "litte wij gouw werom gean," sei ik en goaide it moterke om oant wij dwers op de ebstream kamen rocht op it Noarsee stân ôf.
 
De weromreis woe net opsjitte De wyn boaze al mar oan en it strân skode sydlings oan ús foarbij. We moasten der yn op en it boatsje klotste fol wetter oant it swier wie. It motorke op maksimale toeren smûgde der oer. Bernhard waard almaroan bleker en stiller. Hij hifke stikem it tankje. Ik tocht dat hij him op dat stuit mear drok makke oer it enerzjy ferbrûk fan bútenboardmotorkes as it fetferbaarnen fan steltrinners. De lêste hoarten fan it moterke brochten ús oant bij de branding. Nei wat foarse slaggen mei de riemen sprong ik dêr midden yn de branning út é boat en sleepte him oan de lânfêst nei it strân. "Die lûke wij efkes nei it dún en dan helje wij him straks wol mei de karre. Litte wij earst mar ris wat droechs helje en in waarme boarrel."

Bernhard haw ik oer dy tocht net mear heard, mar in pear dagen letter hie hij regele, dat wij tegearre tsien dagen nei de pealhut op de grutte plaat koenen.
  
   

 
Werom,  it oersop
  
In fiskersboatsje brocht ús nei in grutte pealhut op de sânplaat. Moandei hawwe Bernhard en ik gau boadskippen dien. Bernhard hat syn rêchsek folproppe. Neist bôle en pindakaas ek spek, beane en kofje. Dat spek fyn ik nuver mei safolle fleis ûnder hânberik. It slyk sit dochs fol fleizige kokkels en der binne mokselbanken wêr't wij te kust en te keur kinne. Ik haw bij de boadskippen noch wat griente dien, mar ek twa flessen sterke drank, want tsien dagen op inoars lippe dan wol boaiemke spraakwetter jin wolris oer in dea punt helpe tocht mij.
 
No hienen wij mei prate gjin muoite. Bernhard fergeat oplêst sels syn statistyk en ferhale fan eartiids bij him thús. Hij kaam út in âld deftich roomsk laach. It wie al yn it foar regele dat hij preester wurde soe, want hij koe goed leare. Hij hie op it simenaarje gien. Sa krigen jin letter noch ris in sillige yn it laach. Mar ja, it binne moderne tide. Syn suster krige in bern fan har eigen preester en troude der mei. Bernhard leaude yn de evolúsje ynstee fan de skepping. Hij hie boppedat gjin langst nei it selibaat en begûn derom mei wat fertraging op syn NJN-maten oan de biologystúdzje.
 
Sa fertrouwelik pratend lei hij sa no en dan de hân op myn knibbel. Nei in tredde of fjirde buorrel kaam Bernhard op it idee, dat der nachts ek wol wat oan de fûgels te sjen wêze moat. It wie dochs moai ljochtmoanne waar en de fûgels libje op it waad net op in dei/nacht-ritme, mar op de wikseling fan leech en heech wetter. In kiker konsintrearret it ljocht troch dy grutte foarste linzen, sadat der nachts mear troch te sjen is as mei it bleate each. 
 
En wrachtich, it wie suver in iepenbiering wat wij te sjen krigen. Sels Bernhard hie der noch nea fan heart. De strânljippen, typyske each-sikers, hawwe nachts neat oan har skerpe blik. No draafden se yn rjochte linen oan alle kanten fan ús pealhut de snaffel in eintsje yn it sân stutsen. It like wol in wedstriid tusken lytse wunderlike ploechjes, dy't kris kras lytse fuorchjes efterlieten. Stjitte sa'n ploechje op in kokkel of sa, dan wie it ho en waard de proai opdolle en útiten troch de skerpe snaffel tusken de sterke skelpen te stekken. It makke dat de nacht in sfeer krige fan wunderlike ûntdekkingen út in oare wrâld. We fergeaten sels om oantekeningen te meitsjen en pas doe't de flesse hielendal leech wie, kroepen wij tefreden yn ús sliepsekken.
 
De oare moarns, ik hie it al in hoartsje ophâlden, learde Bernhard mij, hoe't it mei it gemak moast. Hij hong mei syn swier liif oan it roastige izeren ljedderke, de broek op de ankels en it gat djip nei ûnderen. Sa like hij fan bûten wierskynlik op in folsûgde stekmich oan de hals fan in reus op fjouwer poaten. Fan binnen út, troch it kykrút, like it mear oft de folle moanne wat leech hong, oant der middenút wei in stjonksigaar skode en omleech yn it sop plûnzge. "De see makket himsels skjin. It wurdt fisk, Hollânske nije," grapte Bernhard. Bij leech wetter foardat de plaat drûg foel, fertrêden wij ús om beurten yn de ienichste ljisklearsen dy't de hut ryk wie. De fûgels sieten dan dochs op it fêste lân.
 
Juster namen wij it beslüt om bij it betide leechwetter op twa plakken opnamen te meitsjen. Bernhard soe eerst om de hut hinne it iten fan de wylpen trurve en ik bij de mokselbanken op it oare ein fan de grutte plaat. Noch foar dat it locht wie gong ik troch it ûndjippe wetter op paad. It wetter klotste hast oer de rânen fan myn ljisklearsen. Mar foardat ik in oere letter op myn post kaam, rûn it waad leech en kamen de fûgels bij tüzenden opsetten, seefûgels en steltrinners yn grut ferskaat. It wie hjir wûndere moai, as hie God dit stikje fan de skepping pas juster ôfmakke. De pealhut is in lyts grien pjukje oan de kime.
 
It soe in lang en leech tij wurde mei de eastewyn. Dus we hienen wol acht oeren of mear de tiid. Healwei soe Bernhard bij mij komme mei in brochje en dan koe ik wer nei de hut. Mar myn mage stiket, de sinne sakket en it wetter komt al omheech. Myn horloazje stiet al dagen stil troch it sâlte wetter. Dochs is it mij wol dúdlik, Bernhard komt net. Grif hat er wer wat nijsgjirrichs fûn. Soks wer't hij om statistyske redenen net bij wei kin.
 
Ik set de sokken der yn en mar goed ek, want it wetter rint al oer de plaat no't ik yn de buert fan de pealhut kom. Der liket al wat mei de hut, mar ik kom der net  op wat. Fan disstânsje kin ik it net goed waarnimme. Krekt of is de foarm wat oars. Tichterbij kommen sjoch ik it roastige izeren trepke is fan boppen losskuort en it heal ôfbrutsen gefal stekt no as in núvere ereksje dwers tusken de poaten fan dewiidskonkige reus. Underoan liket in grutte bleke kwabze yn it wetter te driuwen krekt of hat de pealhut ek syn gefoech dien. Ik draaf it lêste eintsje troch it opkommende wetter. Platfiskjes stowe foar myn fuotten út. It hert slacht mij yn de kiel.
 
Och, syn holle stiet mâl frjemd op het liif. Bernhard hie grif krekt moatten, doe't ik noch mei it lêste ôfrinnende wetter de plaat op paad gong. It trepke, ruostich en oantaast troch it jirrenlang bemiigjen troch studinten, wie tjin dat hingjen net meer bestân. Út syn mûle rint no in streamke bloed, aaiwiten foar it filterjend gedierte, moksels, kokkels en fûkewjirmen. 
  
 
Neiwurd: Dit foarbyld gong oer it skriuwen fan in novelle. Literatuer skriuwe liket minder planmjittich as in rapportaazje. Mar is is net sa. In ferhaal hat altyd in tema, in opbouw en in styl. Tema's binne faaks stereotyp. It tema is hjir nommen út "Nooit meer slapen" fan ús nei eigen sizzen grutste skriuwer fan de foarige ieuw, Willem Frederik Hermans. Lyk as dêr is de in antiheld, in haadpersoan dy't foar syn ôfstudearproject alles bij de hannen ôfbrekt. En dêr is in tsjinspieler dy't o sa betûft is yn it fak en yn de manierkes der omhinne die de groep bine, mar de haadpersoan útslút. Lyk as yn "Nooit meer slapen" twirje dy twa om inoar hinne, wylst de haadpersoan wrakselt mei syn eigenbyld en de natuer en bliuwt hij allinning oer. In beide ferhaelen is de styl licht yronisk en de opbouw met tebek sjende scenes en in protte natuerbeskriuwingen (Hermans wie  geoloog.).

 

 




teback nei top