Wytskes eigen bouw en tśnhout

Navigaasje
Och myn leave jonge, wannear bringe se sa'n omkoal as deputearre Mulder ris fuort?
 
 Swingel 2000, (Fryske Beweging) fynt in wolkomme gasthūs bij Skrift
De Moanne?? Mar der wie dochs al in algemien Moanneblźd?
Wij sette else Moanne in ōflevering yn dit algemien ynternet tiidskrift Skrift
Iepen brief ūnderwiis en ynboargering septimber  2002
Recensie theatervoorstelling "Eternity" koninklijke Luchtmachtkapel, door Naomi Adriaanz 
Histoarje Fryske Reklamepriis sept 2002
Peaskecongres 2002
Ferslach FUEN-kongres 2002 
Brief oan Adelmund 17 maaie 2002 
Frysk yn VMBO april 2002
Fryske reklamepriis 2001
Brief oan Adelmund april 2002 
kearndoelen  Frysk 3
 
Skrift is jo 1e algemiene publykstiidskrift op it ynternet.

Skrift hat mar ien nūmer, mar dat Skrift-nūmer wol beslist ta 1.000.000 artikels groeie. Artikels fan jo foar de wrāld. Wij hawwe, foar jo gemak, dźrta rom ynfestearre. Publisearje no   

Skrift klinkt as it skrassen fan de skerpe griffel, de skerpte fan de wurden op de siele, it koarte skerpe lūd ek fan de tongerslach dy't neist jins fuotten ynslacht. Sa is it ek bedoeld. It is in tige anargistysk tiidskrift der't  alle Friezen har geastelike wjerljocht yn spatte kinne.

Elkenien dy't him skriuwendewei śterje wol, sūnder dy nuvere ballotaazje fan betterwitters, mei har yn Skrift śterje. Fansels wol neffens de nettikette, mar it mei bźst op it skerp fan literźr en kritysk.

De redaksje fan Skrift hat keazen foar in echt iepen foarm. Ommers ynternet is fan elkenien, it is licht anargistysk en we moatte it mei-inoar foarm jaan,
De artikels yn Skrift sille setten wurde in de rubriken literatuer en maatskippij. At it ferskaat groeit, wurdt it tal rubriken śtwreide.

At jo in artikel ynstjoere nei Skrift meie jo in suggestje mei jaan foar de rubryksyndieling. 
Ynstjoere mei anonym, mar at jo der in namme en foto bij hawwe wolle dan sette wij beide. Alles graach per email, want at wij it skanne litte, kostet it in pear tientsjes. 

Jo artikel komt yn earsten gewoan sūnder seleksje boppe-oan yn Skrift te stean, salang der gjin folgjend artikel ynstjoerd is.
Echt literźre pinksterblommen yn Skrift of artikels fan skriuwers dy't earne oars in protte publisearje, sille as sadanich in fleurich keurmerk krije. De redaksje fan Skrift sjurearret dźrśt foar in jierlikse ūnderskieding, Dźr is fansels in jildpriis oan ferbūn. Oer de oare artikels is it oardiel altyd, dat de kwaliteit prima is. Wa 't skriuwt, bliuwt.

Jo Redaksje